18 november 2014 – ‘Foarinoar!’ is in nije searje fan Omrop Fryslân oer frijwilligers yn ús provinsje.

Logo Foarinoar Met

Frijwilligers binne hjoed-de-dei in ûnmisber ûnderdiel fan de maatskippij. Genôch reden dus om dizze minsken yn it sintsje te setten.

Fan 17 novimber ôf wurdt alle wurkdagen in nije ôflevering útstjoerd. Eltse dei lit in oare frijwilliger sjen wat hy of sy docht. Dat kin fan alles wêze: fan it bestjoeren fan in skûtsje oant it begelieden fan in koar, fan hynsteride mei beheinden oant it helpen by de Voedselbank .

De searje giet yn 30 ôfleveringen de hiele provinsje troch. De frijwilligers nimme ús mei nei bygelyks ferskate natuergebieden, musea, skoallen, fersoargingstehúzen, in botanyske tún, in asylsikerssintrum, in tsjerke en it doarpshús.

Besjoch Foarinoar om 17:00, yn de werhelling, op deitelevyzje of sjoch op YouTube. Op ús Facebookside steane foto’s en eltse dei ynformaasje: https://www.facebook.com/foarinoar.

IMG_0507                          fDSC_0018

Henk de Jong18 november 2014 – ‘Foarinoar!’ is in nije searje fan Omrop Fryslân oer frijwilligers yn ús provinsje.